Simmer 2000 - Boerebûterfeart Nei Omsk

Поделиться
HTML-код
  • Опубликовано: 14 окт 2024
  • Dutch: int13h.byethost...
    Boerebûterfeart Nei Omsk
    De Kast, Rients Gratama, Maaike Schuurman
    Wy ride mei de troika troch it wite winterwâld
    It friest in graad as tritich en it is ferrekte kâld
    De hynstehoeven knarse troch de droege farske snie
    't Is yn Siberië, dus wat oars as de Dokkumer Ie
    Ik reiz'gje mei ús omke Wassilev út Wolgograd
    Dêr't hy in winkeltsje mei wodka, tsiis en bûter hat
    Us omke is in slimme sakeman nei myn idee
    In troika fol mei boerebûter fan de E.E.G.
    Dy bûter, seit ús omke, is yn't Westen fierste djoer
    Dus fret men margarine en de bûter dy bliuwt oer
    Dêr hat men dus yn Brussel dizze oplossing op fûn:
    Wy Russen krij dy bûter foar in dûbeltsje 't healpûn
    Bûter, brea, griene tsiis, ja it is in grutte griis
    Bûter, brea, griene tsiis, och se binne lang net wiis
    Wy binn' op reis nei Omsk en omke hat in fleurich sin
    Hy sjongt fan Hop hop hynke en Hou er de moed maar in
    Mar ûnderwilens wurdt it roerich op 'e eftergrûn
    En heart men moartsjen en mâlgûlen troch de winterjûn
    It is in keppel wolven en se komme tichterby
    Us omke set in liet yn fan Hup sûpengrottenbrij
    Dan sjonge wy de Wâldsang en ek noch it Heitelân
    Mar dêrmei hâlde wy de tastân lang net yn 'e hân
    It Dokkumer lokaaltsje, Skûtsjesilen is ús nocht
    En wylst de earste wolf in raam nei omke's skonken docht
    Sjong ik fan Rôlje rôlje en ik jou de wolf in hoart
    't Is skande, seit ús omke, mar de bûter moat oerboard
    Bûter, brea, griene tsiis, ja it is in grutte griis
    Griene tsiis, bûter, brea, leaver alles kwyt as dea
    Dêr ploft it earste skoand're doaske bûter op 'e grûn
    De wolven fret'as wolven want de wolven binne sûn
    Sa binne wy foarlopich oan in wisse dea ûntkaam
    Wol no ris brûzj'en siede en It feintsje fan Menaam
    De hynders drave pittich, mar wy binn' noch net yn Omsk
    It swit dat stiet ús op 'e rech en dochs binne wy klomsk
    En wylst it tsiende doaske bûter foar de wolven ploft
    Elts mei graach ris fiskje en De tiid dy hâldt gjin skoft
    De bûter rekket op mar omke ropt: ha mar gjin noed
    Wy ha noch wol in doaze Pastachoca bearegoed
    De wolven frette alles, mar se jouwe har net del
    Dêr giet de lêste Braderije en de Halvamel
    Bûter, brea, griene tsiis, God wat wurdt ús omke griis
    Griene tsiis, bûter, brea, mem ik wol noch lang net dea
    Dan binne wy yn Omsk en omke stekt de fûst omheech
    Wy binne rêden, ropt er, ek al is de troika leech
    Iksels bin fan myn sûp en stut, fan't hynder en oerstjoer
    Mar okme Wassilev fersûpt syn allerlêste stoer
    Hy sit de hiele nacht mei al syn maten yn't kafe
    Se sjonge Bonke bonkefeart en Henkie Kroes olé
    Us omke wurdt op't lêst fansels sa dronken as in mûs
    Nei dizze wer in frisse, der is bûter by de rûs
    Bûter, brea, griene tsiis, noch in kear en altyd priis
    Griene tsiis, bûter, brea, bûten, Kobus giet nei Appelskea
    Bûter, brea, griene tsiis, bûten friest it hynsteiis
    Griene tsiis, bûter, brea, mei de boerefaam yn't hea
    En no dus de moraal, want dy moat dit ferhaal dochs ha:
    Us bûter is te djoer foar d'absolute minima
    En wylst de heale wrâld noch altyd op in houtsje fret
    Binn' yn Siberië alle wolven as in baarch sa fet
    Bûter, brea, griene tsiis, beppe hat har rydbewiis
    Griene tsiis, bûter, brea, hagelslach en wetterskea
    Bûter, brea, griene tsiis, mem har panty yn 'e tiis
    Griene tsiis, bûter, brea, supertrio Wolvegea
    Bûter, brea, griene tsiis, poeiermolke en anys
    Griene tsiis, bûter, brea, protters boppe Jobbegea
    Bûter, brea, griene tsiis, 'k seach ús omke Sybren niis
    Griene tsiis, bûter, brea, sels mei gryp ûnder de lea
    Bûter, brea, griene tsiis, en wa't noch mear wit krijt in priis

Комментарии • 14

  • @BinneReitsma
    @BinneReitsma 2 года назад

    Machtich! Dat ik dit net earder heard hie

  • @Humanspectrum
    @Humanspectrum 4 года назад +1

    Ik wol Drs. P net tekoart dwaan, mar fan dizze tekst kin hy in punt meitsje! Poerbêst!

  • @johannesdevreeze1367
    @johannesdevreeze1367 5 дней назад

    Wy ride mei de troika troch it wite winterwâld
    It friest in graad as tritich en it is ferrekte kâld
    De hynstehoeven knarse troch de droege farske snie
    `t Is yn Siberië, dus wat oars as de Dokkumer Ie
    Ik reiz`gje mei ús omke Wassilev út Wolgograd
    Dêr`t hy in winkeltsje mei wodka, tsiis en bûter hat
    Us omke is in slimme sakeman nei myn idee
    In troika fol mei boerebûter fan de E.E.G.
    Dy bûter, seit ús omke, is yn`t Westen fierste djoer
    Dus fret men margarine en de bûter dy bliuwt oer
    Dêr hat men dus yn Brussel dizze oplossing op fûn:
    Wy Russen krij dy bûter foar in dûbeltsje `t healpûn
    Bûter, brea, griene tsiis, ja it is in grutte griis
    Bûter, brea, griene tsiis, och se binne lang net wiis
    Wy binn` op reis nei Omsk en omke hat in fleurich sin
    Hy sjongt fan Hop hop hynke en Hou er de moed maar in
    Mar ûnderwilens wurdt it roerich op `e eftergrûn
    En heart men moartsjen en mâlgûlen troch de winterjûn
    It is in keppel wolven en se komme tichterby
    Us omke set in liet yn fan Hup sûpengrottenbrij
    Dan sjonge wy de Wâldsang en ek noch it Heitelân
    Mar dêrmei hâlde wy de tastân lang net yn `e hân
    It Dokkumer lokaaltsje, Skûtsjesilen is ús nocht
    En wylst de earste wolf in raam nei omke`s skonken docht
    Sjong ik fan Rôlje rôlje en ik jou de wolf in hoart
    `t Is skande, seit ús omke, mar de bûter moat oerboard
    Bûter, brea, griene tsiis, ja it is in grutte griis
    Griene tsiis, bûter, brea, leaver alles kwyt as dea Dêr ploft it earste skoand`re doaske bûter op `e grûn
    De wolven fret`as wolven want de wolven binne sûn
    Sa binne wy foarlopich oan in wisse dea ûntkaam
    Wol no ris brûzj`en siede en It feintsje fan Menaam
    De hynders drave pittich, mar wy binn` noch net yn Omsk
    It swit dat stiet ús op `e rech en dochs binne wy klomsk
    En wylst it tsiende doaske bûter foar de wolven ploft
    Elts mei graach ris fiskje en De tiid dy hâldt gjin skoft
    De bûter rekket op mar omke ropt: ha mar gjin noed
    Wy ha noch wol in doaze Pastachoca bearegoed
    De wolven frette alles, mar se jouwe har net del
    Dêr giet de lêste Braderije en de Halvamel
    Bûter, brea, griene tsiis, God wat wurdt ús omke griis
    Griene tsiis, bûter, brea, mem ik wol noch lang net dea
    Dan binne wy yn Omsk en omke stekt de fûst omheech
    Wy binne rêden, ropt er, ek al is de troika leech
    Iksels bin fan myn sûp en stut, fan`t hynder en oerstjoer
    Mar okme Wassilev fersûpt syn allerlêste stoer
    Hy sit de hiele nacht mei al syn maten yn`t kafe
    Se sjonge Bonke bonkefeart en Henkie Kroes olé
    Us omke wurdt op`t lêst fansels sa dronken as in mûs
    Nei dizze wer in frisse, der is bûter by de rûs
    Bûter, brea, griene tsiis, noch in kear en altyd priis
    Griene tsiis, bûter, brea, bûten, Kobus giet nei Appelskea
    Bûter, brea, griene tsiis, bûten friest it hynsteiis
    Griene tsiis, bûter, brea, mei de boerefaam yn`t hea
    En no dus de moraal, want dy moat dit ferhaal dochs ha:
    Us bûter is te djoer foar d`absolute minima
    En wylst de heale wrâld noch altyd op in houtsje fret
    Binn` yn Siberië alle wolven as in baarch sa fet
    Bûter, brea, griene tsiis, beppe hat har rydbewiis
    Griene tsiis, bûter, brea, hagelslach en wetterskea
    Bûter, brea, griene tsiis, mem har panty yn `e tiis
    Griene tsiis, bûter, brea, supertrio Wolvegea
    Bûter, brea, griene tsiis, poeiermolke en anys
    Griene tsiis, bûter, brea, protters boppe Jobbegea
    Bûter, brea, griene tsiis, `k seach ús omke Sybren niis
    Griene tsiis, bûter, brea, sels mei gryp ûnder de lea
    Bûter, brea, griene tsiis, en wa`t noch mear wit krijt in priis

  • @johannesbakker4330
    @johannesbakker4330 11 лет назад +2

    Bûter, brea, griene tsiis, ja it is in grutte griis
    Griene tsiis, bûter, brea, leaver alles kwyt as dea
    Bûter, brea, griene tsiis, poeiermolke en anys
    Griene tsiis, bûter, brea, protters boppe Jobbegea
    - ik vind het heel leuk. (Ik ben in Marssum geboren en in de V.S. groot gebracht. Ik zocht eigenlijk "Rollje Rollje" -- een lied die mijn moeder altijd zong. Maar dit is hartstikke leuk.)

  • @gakinho
    @gakinho 15 лет назад +1

    Leuk ferske :)

  • @Wiers302
    @Wiers302 16 лет назад

    Prachtig :D

  • @luitzenhietkamp
    @luitzenhietkamp 15 лет назад +1

    Dit is wol tige moai. Hoe hjit de sanger? Ik wit dat er de heit spile hat yn Dankert&Dankert, mar ik bin syn namme efkes kwyt en ik haw op it stuit gjin nocht om it op te sykjen. Groetnis.

  • @xMissVaagheid
    @xMissVaagheid 16 лет назад

    No no, leaf bliuwe berntsjes!

  • @akkevandijk1019
    @akkevandijk1019 5 лет назад

    Herman finkes

  • @jurjenmolen
    @jurjenmolen 16 лет назад

    fryslan boppe^^

  • @luitzenhietkamp
    @luitzenhietkamp 15 лет назад

    It stiet der ek boppe sjoch ik no.