De Kast - Hert Fan Myn Gefoel
HTML-код
- Опубликовано: 7 фев 2025
- LINKS AAN OARE FERSKES & TEKSTEN FAN IT FERSKE
"Friese Troubadour"
• Friese Troubadour - Pi...
"Easy Listening in Frisian" by "Songs Mienskip"
• = "Easy Listening in F...
TEKST
De kontoeren yn it lân bin feroare troch de tiid
It is dizich oer it fjild en ik wit mysels gjin ried
Yn it doalhôf fan emoasjes giet de tiid oan my foarby
Ik rin oer d'âlde paden we^r 't ik eartiids run mei dy
De hynders yn it fjild, de moune op 'e dyk
Se binne der net mear, it is net mear gelyk
Ik sjoch wer âlde bylden mar noosto der net mear bist
Is der in grutte leechte, ik fiel in grut gemis
It liket krekt dat 'k dy wer heare kin
It liket krekt dat 'k yn 't ferline bin
Yn it hert fan myn gefoel sil ik dy nea ferjitte
Yn it hert fan myn gefoel bisto by my
Ik tink werom en ik woe dat ik wer mei dy laitsje koe
Fanof de earste dei
De wurden ut dyn brief stean yn myn holle skreaun
Ik doarmje troch de jierren neat haw ik ferdreaun
't Is as de wyn my wjukken jout, my oan dy tinken docht
Dan sjoch ik nei de loft, tusken de wolken wurdt it ljocht
It liket krekt dat 'k dy wer heare kin
It liket krekt dat 'k yn 't ferline bin
Yn it hert fan myn gefoel sil ik dy nea ferjitte
Yn it hert fan myn gefoel bisto by my
Ik tink werom en ik woe dat ik wer mei dy laitsje koe
Fanof de earste dei
Soe ik myn fertriet nei de himel roppe wolle
Om dy werom te krijen is neat my tefolle
Yn it hert fan myn gefoel sil ik dy nea ferjitte
Yn it hert fan myn gefoel bisto by my
Ik tink werom en ik woe dat ik wer mei dy laitsje koe
Fanof de earste dei