Gurbe Douwstra - Ik wol hjir wei

Поделиться
HTML-код
  • Опубликовано: 5 сен 2024
  • Gurbe Douwstra mei it nummer Ik wol hjir wei
    Fan it album Dizze stoarm.
    De tekst is van de site van Gurbe afgehaald.
    Excusses voor de (soms) onscherpe foto's, klein foutje in de codec.
    Tekst:
    Ha jimme ek wol dat gefoel
    Fan lit de boel no mar de boel, lit it mar rinne.
    Ik tink it wis en wrachtich wol
    It libben is net altyd lol, soms is it stinnen
    Nim dan de brut net al te swier
    En smyt lykas Jaap wat bier yn 't hier
    Der komme kânsen elke dei wer opnij
    Stap foar in jûne yn it feest
    Gedraach dy even as in beest
    Doch lykas mei en sjong mei my mei
    (Kearsang:)
    Ik wol hjir wei, ik wol hjir wei
    Net nije wike, oaremoarn, mar dizze dei
    Ik wol beweging yn myn lea
    Oar bliuw 'k hjir hingjen oant myn dea
    Ik wol hjir wei
    Giet it op 't wurk wer goed ferkeard
    En hastû ek sa'n baas fan neat, lit him dan stikke
    Gean oan 'e slach bij Kees of Klaas
    Of wurd byneed mar eigen baas, kinst wat berikke
    Wês foar de takomst dan net bang
    It libben is in libben lang
    Der komme kânsen elke dei wer opnij
    Hast alles sels dochs yn 'e hân
    Seit ek dy fint fan Ratelbân
    Doch lykas mei en sjong mei my mei
    (Kearsang)
    Is de ferkearing wer wat slop
    Altyd mar pine yn 'e kop, lit har dan lizze
    Der binne froulju by de fleet
    Sjoch om dy hinne, pak ien beet, nim gau in frisse'
    Hast skjin dyn nocht fan dat geseur
    Brek fuortendaliks út 'e sleur
    Der komme kânsen elke dei wer opnij
    Wês foar de takomst nea net bang
    It libben is in libben lang
    Doch lykas mei en sjong mei my mei
    (Kearsang 2x)
    ©Gurbe Douwstra

Комментарии • 3

  • @pjhtb40
    @pjhtb40 15 лет назад +1

    Hee, geweldich dat dit nûmer no op You Tube stiet! Tige tank! Prachtich liet foar as't it eefkes sêd bist en "hjir wei wolst".

  • @andries2284
    @andries2284 11 лет назад +1

    machtig mooi noemer

  • @iloveabeautifulboyba
    @iloveabeautifulboyba 13 лет назад +1

    mien suske sjongt dit else kear alst se by mei is:P