Lemster Mannenkoor - It Lot Fan Tea

Поделиться
HTML-код
  • Опубликовано: 5 сен 2024
  • Een muzikale rondreis door Friesland, de DVD is verkrijgbaar bij het Lemster Mannenkoor lemstermannenk...
    It lot fan Tea
    `k Wol it lot fan Tea besjonge. Stoerder fisker wie der net.
    Hy ferlear, in foege jonge, oan `e Sudersee syn hert.
    Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
    Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
    Troch de wyld oerstjoere baren, brûsde de aak fan sterke Tea.
    En yn stoarmen en gefaren wûn hy wiif en bern it brea.
    Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
    Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
    Mar de nije tiden sprutsen, 't oardiel oer de Sudersee.
    Al syn macht en rom wie brutsen, en de ôfslútdyk kaam ree.
    Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
    Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
    Ja, de see koe `t inkeld witte, en de moanne, rûch en rea.
    Dêr sylde ien de nacht temjitte, 't wie de aak fan sterke Tea.
    Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
    Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
    Yn dy neinacht ha de stoarmen, bold'rjend op `e skoarstien stien.
    Wee, dy 't doe oer 't wetter doarmen, binn' mei man en mûs fergien.
    Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
    Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
    Amper njoggen dagen letter, spielde der in manljuslyk.
    Roeike fan it widzjend wetter, tsjin `t basalt fan de ôfslútdyk.
    Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
    Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
    Sjong no, see, in liet fan smerte, om de stoere fisker Tea
    Oan `e see joech hy syn herte, yn de see fûn hy syn dea.
    Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
    Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.

Комментарии • 10

  • @albertwessels71
    @albertwessels71 4 года назад +1

    mooi koor,dank voor de ondertiteling

  • @Stormvogel25
    @Stormvogel25  11 лет назад

  • @margaretharypkema9960
    @margaretharypkema9960 6 лет назад

    Die soloist...prachtig!! Hij heet van Dam, geloof ik ....

    • @keesrijpma3239
      @keesrijpma3239 3 года назад

      Daar kan ik naar blijven luisteren en krijg er nooit genoeg van

  • @siebevenema2599
    @siebevenema2599 7 лет назад

    Dit is nog altijd de allermooiste is mijn mening SIEBE VENEMA

  • @hanslandman9553
    @hanslandman9553 6 лет назад +1

    het zou ook leuk zijn met de friese tekst erbij vermeld.

  • @junglemonkey2310
    @junglemonkey2310 9 лет назад

    Kunnen wij de vertaling in het Nederlands ook krijgen, ik versta dit niet. Bij voorbaat dank.

  • @anniegeertsma181
    @anniegeertsma181 Год назад

    Uhm ub