Hea! fan 13 maaie 2016

Поделиться
HTML-код
  • Опубликовано: 16 сен 2024
  • De boufakkers binne no in healjier oan de slach by de N31 yn Harns. Tiid om harren te traktearjen op in bakt fiskje fûn it kantoarpersoniel. Yn de pauze diele sy de bakte fisk dan ek út oan harren ‘bûtenkollega’s’.
    Simon Loopstra fan Bitgum is hielendal draaioargelgek. Dat sit yn de famylje. No hat Simon in bysûnder en âld oargel kocht yn Sweden. It hat in hiele moaie aparte klank. Pinkstersnein is dat oargel foar it earst yn de bûtenloft yn Fryslân te hearren op it draaioargelfestival yn de Prinsetún yn Ljouwert

Комментарии •