As it myn tiid is; met friese tekst, zang door Gurbe Douwstra.

Поделиться
HTML-код
  • Опубликовано: 8 сен 2024
  • Achtergrond natuur van Merskenreed en brug Mûzebiterspaed, Ureterp Wijnjewoude
    As it myn tiid is - Gurbe Douwstra
    Hastû dyn twifels oer it bestean
    Oer al wat leit tusken komm’ en gean
    Wat is it plan, hoe rint it paad
    Wêrom krijt ien de sinne en d’ oar it measte skaad
    Fregest dy ôf, wat is myn lot
    leaust yn dysels of yn in god
    mar leau it meast yn dyn gefoel
    En wit it libben sels jout elk syn libben doel
    Kearsang:
    Dus as ’t myn tiid is, gûl net lang om my
    Bin net fier fuort, ‘k bliuw altyd ticht by dy
    ‘k Sit yn dyn wêzen, ‘k sit yn dyn bloed… bist myn bloed
    Ferjit dat nea, myn bern, dan komt grif alles goed
    Ast’ my dan mist, my needich hast
    sikest hâldfêst, ast net fierder doarst
    Slút dan dyn eagen, wês eefkes stil
    sjoch yn dyn hert en wit dat ik dêr wêze sil
    Wês ek net tryst, ’t is sa’t it heart
    dat al wa’t libbet ienris stjert
    Mar leau my mar, ik mien oprjocht
    gjin inkeld libben, lang of koart, is om ‘e nocht

Комментарии •