Fryslân DOK: De Stille Genieter

Поделиться
HTML-код
  • Опубликовано: 9 сен 2024
  • Fryslân DOK oer in bekende Fryske geheime stjoerder
    Gooitzen de Haan út De Harkema wie as jonkje al sljocht op geheime stjoerders. Hy begûn lyts en wurke krekt sa lang troch oant er de stjoerder hie dy't it fierste berik fan it lân hie. Syn geheime stjoerder 'De Stille Genieter' waard (ien fan) de bekendste yn Fryslân en krige rûnom wurdearring.
    De Stille Genieter draaide fersykplaten, faak fan it populêre Nederlânske- en Fryske libbensliet, in sjenre dat meastentiids net te hearen wie op de reguliere radiostjoerders. Letter draaide hy ek in soad kristlike muzyk. Wat Gooitzen de Haan die as De Stille Genieter wie wetlik fansels net tastien en sawat alle jierren die de plysje in ynfal en naam syn stjoerder yn beslach. Twaentweintich kear moast De Haan dêrby ek noch in boete betelje. Hy sette troch, sette sels in hannel op yn de muzyk dy't er draaide, skreau ferskes en organisearre grutte feesten mei artysten dy't hy bekend makke hie.
    It muzykbedriuw hat er noch hieltyd, mar syn geheime stjoerder net mear. Hy soe 45.000 euro betelje moatte as der nochris in yllegale stjoerder fan him yn de loft giet. En dochs... hy soe it eins noch wolris probearje wolle. In geheime stjoerder, in sykte.

Комментарии • 13