Fryslân DOK: De slach om de Sionsberg
HTML-код
- Опубликовано: 5 фев 2025
- Op inisjatyf fan de befolking komt der yn 1956 in sikehûs yn Dokkum, de Sionsberg. Mar hast fyftich jier letter giet it streeksikehûs fallyt as gefolch fan nije regeljouwing yn de soarch. It fallisemint komt hurd oan by de meiwurkers en de ynwenners fan Noardeast-Fryslân.
Wa hie tocht dat in sikehûs fallyt gean kin? Minsken reagearje ferslein as it ûnferwachte dochs bart. Mar al gau wurde de skouders derûnder set foar in trochstart. Op 17 jannewaris is der in grutte diskusjedei oer de takomst fan de soarch yn de regio.
Fryslân DOK folget de ûntwikkelingen fan dy dei ôf. Sintraal steane ferpleechkundige Janna Pool en spesjalist Maurice van Hillo, beide sawat tweintich jier wurksum foar de Sionsberg. De dokumintêre sketst de histoarje en de takomst fan it lytste sikehûs fan Nederlân.