Ôflevering 3: De moaiste ferhalen

Поделиться
HTML-код
  • Опубликовано: 15 окт 2024
  • Yn ôflevering 3 fan podcast Testamint fan de siel nimt Hylke ús mei nei syn aldermoaiste, meast yndrukwekkende en bysûnderste ferhalen. Net allinnich as skriuwer, mar ek as sjoernalist.
    As rasferteller lûkt er dy de mominten yn fan tafallige moetingen dy't útgroeid binne ta syn grutste pearels. ,,In ferhaal levert altyd wer in ferhaal op.’’ Sa treft er yn Kanada by tafal de haadrolspiler út ien fan syn moaiste ferhalen fan It wrede paradys, trochdat er syn rydbewiis ferjitten is.
    Nei syn sjoernalistike karriêre stoarte Hylke Speerstra him op 60-jierrige leeftiid folslein op it skriuwen fan boeken, lykas It wrede paradys en De oerpolder. Testamint fan de siel is de titel fan syn alderlêste boek, mar it is ek wat dizze podcast is: in testamint fan Hylkes siel. Gewoanwei fertelt er de ferhalen fan oaren, mar no jout er himséls bleat. Noch ien kear fertelt Hylke alles wat er Fryslân efterlitte wol.
    See Privacy Policy at art19.com/privacy and California Privacy Notice at art19.com/priv....

Комментарии •